Apparaat

Apparaat (fan it Latynske apparatus, dat "wurktúch" betsjut) is in begryp mei ferskate betsjuttings, mar de gongberste is dy fan in net al te grutte, troch minsken út meganyske, elektryske en/of elektroanyske ûnderdielen gearstalde masine. Ferskate (faak min ofte mear soartgelikense) apparaten byinoar neamt men apparatuer. De meast foarkommende apparaten kinne opdield wurde yn ferskate kategoryen:

Los dêrfan binne der fansels noch withoefolle oare apparaten dy't brûkt wurde foar alderhanne dingen en net sa maklik yn te dielen binne, lykas in megafoan, sinnebank, kassa, pûnsmasine of planetarium. Gruttere masines binne faak opboud út ferskate apparaten. Sa kin in auto net in apparaat neamd wurde om't er gearstald is út ôfsûnderlike apparaten lykas de rutesproeier, de rutewiskers, de doarbeskoatteling, de ferljochting de fersnellingsbak en de motor.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search